Spannend en oangripend
Datum 18 oktober 2016 | 0 Reacties

Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy’t dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen. Arjen, de jongste soan, rint foar syn stúdzje staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje.
Durk van der Ploeg beskriuwt dit drama en de ôfrin yn ‘De lêste floed‘, in spannende en oangripende roman yn prachtich Frysk.

Meer nieuws