Rekordferkeap ‘De lêste floed’
Datum 11 april 2017 | 0 Reacties

It mei in unikum hjitte yn ‘e skiednis fan it Fryske boek: de earste printinge fan ‘De lêste floed’ fan Durk van der Ploeg is yn fiif moanne tiid suver folslein útferkocht. De twadde jefte is no wer oeral te keap. Ek ‘Hoe’t God ferdwûn út Jorwert’ fan Geert Mak fynt syn paad nei de lêzers. Dêr blykt mar wer út dat der noch altyd in protte belangstelling is foar de Fryske literatuer.
In wurd fan tank is hjir dan ek op syn plak foar de stipers dy’t de útjeften mei mooglik makken: Provinsje Fryslân, Jacob Krol Fûns (yn behear Frysk Akademyfûns) en de Boersma-Adema Stichting.

Meer nieuws