Fryske ‘Jorwert’ boek fan de moanne
Datum 7 januari 2018 | 0 Reacties

Gjin moaier begjin fan it nije jier lit him tinke as mei dizze feestlike oanbieding fan Boeken fan Fryslân: ‘Hoe’t God ferdwûn út Jorwert’ no mei in royale koarting foar mar € 14,50.
Geert Mak syn ikoanyske bestseller is oerset yn oansprekkend Frysk, sadat de útjefte noch ekstra krêft krigen hat. ‘It fielt as is it boek nei tweintich jier lang om let thúskaam’, neffens de skriuwer, tsjuttend op it feit dat er alle ferhalen oarspronklik yn dy taal hearde. Mak joech de oersetting in nij en bysûnder aktueel neiwurd mei, wêryn’t er wiidweidich yngiet op it hjoeddeiske boerelân.
Paperback, leafst 312 siden. Rûnom te krijen yn de boekhannel.

Meer nieuws