• Willem Schoorstra

ISBN: 9789492457110
Categorie:

De nacht fan Mare

Door: Willem Schoorstra

De Nacht fan Mare is opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten. Scroll nei ûnderen foar mear ynformaasje oer skriuwer en titel.

€18,40

Aantal:
Ontmoet de Auteur
avatar-author
Willem Schoorstra
Willem Schoorstra debutearre yn 2001 mei de gedichtebondel Ynwijing. Dêrnei kamen de ferhalebondel Berjochten út Babel, en de romans Swarte Ingels, De ôfrekken, Rêdbâd – kronyk fan in kening en Pier – de profesij fan bline Simen. Neist it skriuwen fan romans hâldt Schoorstra him ek dwaande mei senario’s, (radio)kollums en essays.
Boeken van Willem Schoorstra
Over dit boek
Overzicht

Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op ‘e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock ’n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy’t alles mei ferslaving te krijen hat.

‘De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.’

Ut de ynhâld
‘Ik moat my noch even deljaan,’ sis ik tsjin him, wylst ik op it matras krûp. ‘Komst by my te lizzen?’
‘Jawis,’ antwurdet er. Hy laket en hellet de tonge suggestyf oer de lippen.
‘Echt net. Dyn lul triuwt tsjin dyn harsens. Kom.’
Ik draai my op ‘e side en hy giet tsjin my oan lizzen. Hy slacht de earm oer my hinne, de skonk.
Op slach fiel ik my beskerme. In oester yn in skulp. Hy hat macht oer my. Mar syn macht is in soarte fan yntimiteit, wy steane inoar nei, tusken ús is alles dúdlik.

Lúkse paperback, 272 siden / Priis € 19,50, ferstjoeren fergees.