• Willem Schoorstra

ISBN: 9789492457233
Categorieën: ,

Rêdbâd / Kening fan ’e Friezen

Door: Willem Schoorstra

It echte ferhaal oer Rêdbâd, kening fan ’e Friezen. Schoorstra set it heldhaftige libben fan de meast legindaryske kening en syn tiid del yn masterlike styl. Scroll nei ûnder foar mear ynformaasje.

€21,06

Aantal:
Ontmoet de Auteur
avatar-author
Willem Schoorstra
Willem Schoorstra debutearre yn 2001 mei de gedichtebondel Ynwijing. Dêrnei kamen de ferhalebondel Berjochten út Babel en de romans Swarte Ingels (bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken, Rêdbâd (it echte ferhaal) en Pier. Syn lêste wurk is De nacht fan Mare, dat yn 2018 de Rink van der Veldepriis krige. Neist it skriuwen fan romans hâldt Schoorstra him ek dwaande mei senario’s, essays en (radio)kollums.
Boeken van Willem Schoorstra
Overzicht

“Nea en te ninter hat de skiednis in kening lykas Rêdbâd kend, en syn namme is grut ûnder de himel. Doch wie it in minske lykas alle oaren. En ik, Hadagrim, soan fan Egisgar – mar ek Raven, namme fan Rêdbâd my jûn – sil it libben fan Rêdbâd Kening boekstaverje, alle pryslike en dappere dieden; mar ek de setten dêr’t ik it nea mei lykfine kinnen haw. Sa’t it west hat, sil it beskreaun wurde, ek myn eigen part yn de histoarje fan ús lân. En dat part is, lykas Rêdbâd sines, net allinne mar ynfieren en fan rom oergetten.
Ferwis, no’t ik tebek sjoch op it libben, benearje my de tsjustere en ferhoalen dieden. Yn dit geskrift wol ik ek dêr rekkenskip fan jaan.”

Hadagrim is de ferteller yn de roman Rêdbâd – Kening fan ’e Friezen. Willem Schoorstra (1959) set it heldhaftige libben fan de meast legindaryske kening en syn tiid del yn masterlike styl. Syn eardere romans, Swarte Ingels (2004, bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken (2007), Pier – de profesij fan bline Simen (2015) en De nacht fan Mare (2017, bekroand mei de Rink van der Veldepriis 2018), binne pearels yn de Fryske literatuer, kontroversjeel fan ynhâld en skreaun yn byldzjende taal.

Lúkse paperback, 376 siden. Priis € 22,95

Details

ISBN: 9789492457233
Publisher: Het Nieuwe Kanaal Uitgeverij
Uitgave datum: 2018
Pagina's: 376