• Willem Schoorstra

ISBN: 9789492457264
Categorie:

Rosmos

Door: Willem Schoorstra

Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Scroll nei ûnder foar mear ynformaasje oer de skriuwer en it boek.

Ontmoet de Auteur
avatar-author
Willem Schoorstra
Willem Schoorstra debutearre yn 2001 mei de gedichtebondel Ynwijing. Dêrnei kamen de ferhalebondel Berjochten út Babel en de romans Swarte Ingels (bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken, Rêdbâd (it echte ferhaal) en Pier. Syn lêste wurk is De nacht fan Mare, dat yn 2018 de Rink van der Veldepriis krige. Neist it skriuwen fan romans hâldt Schoorstra him ek dwaande mei senario’s, essays en (radio)kollums.
Boeken van Willem Schoorstra
Over dit boek
Overzicht

Hedzer, telch út it romrofte Mebiuslaach, ûntflechtet it miljeu dêr’t er yn grut wurden is.
Gjin wiithannel, kontrabande of yllegale saakjes mear foar him. Dochs falt it him net ta om syn Mebiuswêzen samar oan ’e kant te skowen. Hedzer bedarret yn it nachtlibben, moetet in lichte fûgel en wurdt ferlyfd. Fan dat momint ôf rekket syn libben yn in streamfersnelling. Hy komt net allinne op de frjemdste plakken telâne, mar moat ek de wichtichste fragen beantwurdzje…

Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfries saté yn in wettersieder.
Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.

Ut de ynhâld:
Oars as ik tocht hie setten wy net it sintrum yn. Heit hâlde de rûnwei oan, om op in stuit ien fan de bûtenwiken yn te riden. ‘Moatte wy hjir wêze?’ It kin net oars as dat ik teloarsteld klonken ha.
‘Hiest wat oars ferwachte?’ Bylden fan reade ljochten, froulju yn linzjery en skouwe struners
tsjinnen harren oan. Ferrinnewearre glamour. Flarden muzyk dy’t as in fileine lokrop de nacht yn warrelen as in doar iepen en ticht gie. De rook fan ûntucht. Wat dat ek mar wêze mocht.

Fergees by oankeap fan € 12,50 oan boeken yn ’e Moanne fan it Fryske Boek (2-31 maart 2019).