De wraak fan de puzelman

€ 17,95

Hedzer T. Hooijenga

In Frysk doarp yn 'e ban fan brân!

De puzelman hie in fleurich bedriuw opboud, in goede bargemesterij. Dat siet lykwols in rike sakeman yn ’e wei, fanwegen de stank dêr’t syn frou oer eamele.

Mei falske arguminten wrotte er krekt salang dat it bedriuw fan syn buorman fallyt gong. Net ien fan de doarpsgenoaten dy’t in hân útstiek om de eigener by te stean. Dat rôp, nee skreaude om wraak!

 

Paperback, 160 siden / ISBN 9789492457219

 

Oer de skriuwer

Hedzer T. Hooijenga waard berne op 'e Harste ûnder Sumar. Yn 'e jierren santich begûn er mei it publisearjen fan fersen, koarte ferhalen en in fúljeton. Dit is syn tredde roman.