Mem falt út

€ 17,50

Pia van Rees

In mem yn Fryslân dy’t wrakselet mei alzheimer, in dochter dy’t seistûzen kilometer fierderop wennet, beide fjochtsjend tsjin it ûnûntkombere, dat komme sil.
In yn ’t moed taastend ferhaal oer mem en dochter dy’t nettsjinsteande de ferslimjende deminsje fan mem harren bân bewarje. Fertriet en blydskip wikselje inoar ôf yn dit oangripende debút fan Pia van Rees, Friezinne om utens, libjend mei man en twa bern yn Kanada.


“Skreaun yn tagonklike, deistige taal en mei each foar moaie, follesizzende details.”


“Sa’n dreech ûnderwerp sa goed en net-patetysk beskriuwe is hiel knap.”


Paperback, 160 siden / ISBN 9789492457325