Hoe’t in minsk besibbe rekket

€ 18,95

Ruerd Smaling

 

De ferhalen yn dizze opmerklike debútbondel bringe ús nei de kant fan ien fan ’e Fryske marren, nei in wiet Inverness, yn in nearzige keuken mei yn it midden in deakiste, op in drokke famyljereüny mei allegear bliere minsken, yn it stadion fan sc Heerenveen of op in sinnich Sint Maarten.


Mar wêr’t wy ek tahâlde, noait witte wy oft wy op it juste stuit op it juste plak binne. Wurdt de wrâld oanstjoerd troch it tafal, hegere machten, foarbeskikking? Of komt it allegear del op ús eigen lamliddigens en suterigens?

 

Lúkse paperback / 160 siden / ISBN 978 9492 457 479